Weromblik 4doarpen4ing 26 maaie 2019 Weromblik 4doarpen4ing 26 maaie 2019
Snein  26 maaie hawwe wy mei san 130 minsken in moaie 4doarpen4ing hawn.
Dizze kear wie de 4ing yn de loads fan de famylje Joostema yn Minnertsgea.
Om goed 4 oere hat eltsenien in plakje fûn, en al efkes nei United harke.
Nei in wurd fan wolkom en elkoar begroetsjen begjinne we de 4ing.
Yn de 4ing is der romte foar gebed, gedicht, ferhaal, mei elkoar sjonge en in bysûndere opdracht.
Alle besikers ha in strookje krigen, elk strookje hat syn eigen kleur en bei eltse kleur heart in opdracht.
Dat koe wêze: puzzelje, tuorke bouwe, in skilderij meitsje, in slinger fan popkes, in fyts wer yn elkoar sette, in gedicht meitsje, bouwe mei spekjes en spaghetti.
Nei ôfrin is der noch tiid foar in hapke en in drankje, om de 4ing mei elkoar of te sluten en noch efkes nei te praten. 

De kollekte is foar Maher India (www.maherindia.nl), de opbringst is €  269,32

Eltsenien tige tank foar jim oanwêziges, gift foar it goeie doel en meiwurking.
Graag oant takom jier yn Seisbierum.

De 4 dorpendienstcommissie
Adeline, Afke, Anne, Corry, Fokke, Lenie en Olga
 

It troch in oantal besikers skreaune gedicht:

It wie yn maaie, de leste snein
Moarns sinne, middeis rein
We komme bij elkoar op Moaie Peal
Yn in geweldige lânbouseal
As 4 doarpen bij elkoar
Fiel we ús ferbûn mei inoar
We sjonge en lusterje nei Gods wurd
Wat in soad foar ús betsjut
Samen staan we sterk, der giet it oer
Derom binne we allegear fol fjoer
Troch wurd en sang en mediteren
Litte wy ús inspirere
Sa nimme wy dit mei
op ús libbenswei.


  
 
terug